Toponimen: algemiene ynformaasje

Ien fan de doelen fan de Stichting Rom Paad is it stimulearjen fan ûndersyk nei de nammen (toponimen) fan de ferskate perselen en lânskipseleminten en de ôfkomst/betsjutting fan dy nammen.
Fia dizze side is it mooglik om de betsjutting fan in perseelnamme op te sykjen.
Om’t de hear Elle Bosma mear as hûndert perseelnammen yn de omkriten fan Eastermar útsocht hat, is in ienfâldige list mei alle nammen en betsjutting gjin opsje.

Om de ôfkomst of betsjutting opsykje te kinnen, binne der trije mooglikheden:
  • Jo witte de namme en de skriuwwize fan it perseel, brûk dan de ynterne sykmasine. De útkomst bringt jo op in side mei in oersjochkaart en de útlis fan de lânnammen dy't op dizze kaart te finen binne.
  • Jo witte de strjitte, reed, of wei dêr't it perseel deunby leit. Sykje dan op strjitnamme. By alle strjitnammen stean ien of mear ferwizings nei oersjochkaarten en de lânnammen dy 't dêr by hearre. De ferklearrings fan de lânnammen steane dan ek op dizze side.
  • Jo wolle jo graach earst oriïntearje fia in plattegrûn. (Dizze opsje is noch net klear; tydlik kinne jo de plattegrûn fan www.eastermar.nl brûke.) Dêrnei kinne jo fia de strjitnamme de ferskate lânnammen te witten komme fia it oersjoch fan strjitnammen.