Stichting Rom Paad

Eastermar is prachtich. Om te wenjen en om te rekreëarjen. De omkriten fan Eastermar binne foar rêstsikers in oantreklik rekreaasjegebiet. Foar boatsjeminsken, fytsers, ruters of kuierders fan bûten, mar ek en benammen foar de Eastermarders sels.
Natoer en lânskip fertsjintwurdigje in hiel grutte wearde. Figuerlik, mar ek letterlik.

Ferskate groepearringen sette har yn om Eastermar nóch oantrekliker te meitsjen. Dat hat bygelyks resultearre yn it yn 2007 oplevere Rekreaasjegebiet de Komerk, in projekt dat inisjearre is troch de Stichting PAREL yn it ramt fan de ûntwikkeling fan de Lits- Lauwersmarrûte.
De leden fan de Feriening Eastermars Lânsdouwe wolle duorsume lânbou yn lykwicht hâlde mei miljeu, de streekeigen natoer en it karakteristike lânskip.
En de oerkoepeljende koöperaasje fan de Noardlike Fryske Wâlden koördinearret yn de streek de ferskate ferienings mei deselde doelstelling as ‘Eastermars Lânsdouwe’.

As der al sa’n oandacht is foar lânskip en natuer yn en om Eastermar hinne, wêrom dan noch in Stichting Rom Paad mei in lyksoartich doel?

In tal minsken yn Eastermar is fan betinken dat der yn ‘e rin fan ‘e tiid in soad kuierpaden en lânskipseleminten ferdwûn binne. Tink bygelyks oan dobben, sânreden en doarnehagen (meidoornhagen).
Ien fan de doelstellingen fan de Stichting is it ûntsluten en tagonklik meitsjen fan paden en reden dy’t fanâlds diel útmakken fan de lânsdouwe. Mar dy’t troch gebrek oan ûnderhâld, skaalfergrutting en de drang om effisjint te buorkjen út it sicht rekke binne. Ek de oanlis fan nije paden hat it omtinken.

Mear oer it doel fan de Stichting...