Doel fan de Stichting

Ien fan de doelstellingen fan de Stichting is it ûntsluten en tagonklik meitsjen fan paden en reden dy’t fanâlds diel útmakken fan de lânsdouwe. Mar dy’t troch gebrek oan ûnderhâld, skaalfergrutting en de drang om effisjint te buorkjen út it sicht rekke binne. Ek de oanlis fan nije paden hat it omtinken.

De Stichting Rom Paad besiket syn doelen te berikken troch û.o. strategyske stikjes grûn te ferwervjen. Net om it besit fan de grûn, mar om bygelyks as partij meidwaan te kinnen yn in kavelruil en sa erftsjinstberheden te festigjen yn it belang fan de tagonklikheid, it behear en it ta ûntwikkeling bringen fan natoer- en kultuerhistoaryske wearden.
De Stichting Rom Paad siket stipe by gemeentlike en provinsjale organisaasjes mar fral gearwurking mei groepearringen dy’t deselde doelen neistribje en stypje.

Toponimen

In oar doel fan de Stichting Rom Paad is it stimulearjen fan ûndersyk nei de nammen (toponimen) fan de ferskate perselen en lânskipseleminten en de ôfkomst/betsjutting fan dy nammen.

Swimplakken en kanorûtes

Aldere Eastermarders witte noch dat de eastkant fan de Mar foar elkenien tagonklik wie en dat der eartiids meardere swimplakken oan diskant fan de Mar wienen. It ‘earste’ swimplak wie it moetingsplak foar de jongerein en nei geraden de ferkearing fêster waard ferhûzen de steltsjes fan it iene nei it oare swimplak.

Op dit stuit is der noch mar ien tagong nei de Mar: nei it swimplakje fan hjoeddedei.
De stichting Rom Paad wol boppeneamde swimplakken wer yn eare herstelle en tagonklik meitsje. Sadat elkenien wer sûnder behindering by de Mar komme kin. Sadat de Mar wer fan de Eastermarders wurdt.

Ek it ûntwikkeljen fan kanorûtes is ien fan de doelstellingen fan Rom Paad. Te tinken falt oan de Wytfeansterfeart of fearten om de Burgumer Mar hinne.