Stedmapaad

It idee fan it Stedma-'ommetje' is ôfkomstich fan Atse en Sjoerdsje Atsma fan de Maatskip Atsma. De Wiersma-Reitsma Stichting, de gemeente Tytsjerksteradiel en Steatsboskbehear binne de belangrykste eigners fan de grûn dêr't it kuierpaad oerhinne giet.

Stedmapaad-08-07-09.gif

De namme 'Stedmapaad' is ferbûn oan de pleats 'Nij Stedma', dêr't de perselen lânbougrûn by hearre. Dy perselen hawwe sels ek histoaryske nammen: De Terp, Boskkamp, Skoallekamp, Blauhûskamp, Lieuwekamp ensfh. (Ien fan de doelstellingen fan de Stichting Rom Paad is it stimulearjen fan de stúdzje nei toponimen. Op in oar plak op dizze webside kinne jo de delslach dêrfan fine yn in skat fan histoaryske toponimen yn Eastermar en omkriten, de lizzing en de ôfkomst/betsjutting dêrfan.

Eastermar en de buorskip It Heechsân lizze yn in prachtige omjouwing mei houtwâlen en elzesingels, dêr't it gebiet fan De Wâlden sa ryk oan is. Der binne meardere rekreative mooglikheden om te kuierjen en te fytsen. It Stedmapaad slút oan op besteande fyts- en kuierrûtes. Foar de ynwenners fan Eastermar ûntstiet mei dit nije 'ommetje' fan sa'n trije kilometer, de mooglikheid om jin in healoerke te fertrêdzjen en te genietsjen fan it karakteristike kûlisselânskip dat sa tekenjend is foar dizze streek. Der is geandefoet in soad te belibjen op it mêd fan natuer en lânsdouwe: it is fariearre, lytsskalich en ryk oan natuerwearden. Der binne dykswâlen mei in sânlichem fan soms wol twa meter heech.{mospagebreak}

Dykswâlen binne ieuwen lyn ûntstien op sânperselen dy't heech boppe it grûnwetter leinen, sadat se net troch sleatten begrinze wurde koenen. Dizze wâlen hienen net allinnich de funksje fan feekearing mar leveren ek branje en geriifhout en tsjinnen as wynskerm. Dat jout ek winters in grutte lânskiplike beslettenheid.
De foarm fan de dykswâlen en it plak dêr't se lizze wurde werspegele yn 'e fegetaasje. De wâlen binne begroeid mei solitêre beammen, faak iken, mei dêrûnder  ticht strewelleguod fan hagedoarnen, toarnbeistrûken en mear bysûndere planten as Ribfearren (=dubbelloof), it Mûze-earke en it Blauknopke.

Oare opfallende eleminten op de kuiertocht oer it Stedmapaad binne de Histoaryske Ikkers oan de Achterwei mei in paadsje deryn, dat yn it briedseizoen ferbean gebiet is. Op de ikkers wurde âlde gewaakssoarten op tradisjonele wize boud en rispe. Der bloeit simmers in soad nostalgysk ûnkrûd sa as de prachtige klaproas en de koarnblom.
Op de kuiertocht komt men ek by in útsichtpunt oer de Burgumer Mar del. Hjir kin men fier oer it wetter sjen mei syn wetterfûgels en yn 'e fierte de skippen op it Prinses Margrytkanaal.

It Stedmapaad slút oan by in al besteand 'ommetje' dat de buorren fan Eastermar ferbynt mei de buorskip It Heechsân. Troch in lytse ôfsplissing fan de besteande sânreed te realisearjen, soe der ek noch in kuierferbining ta stân komme kinne nei de âldtoer en it hôf op It Heechsân.
It Stedmapaad is ek in mooglikheid foar de “Stichting Avondvierdaagse Eastermar' om oan har dochs al prachtige kuierrûtes in unyk trajekt ta te foegjen.

Stedmapaad

Printfreonlike ferzje yn PDF