Ritskeboskpaad (4km)

* It Ritskeboskpaad begjint by it Streekmuseum. Earst lâns in rêstige karakteristike klinkertdyk, de Menno van Coehoornwei.
Foar de ‘Hege Stjelp’ oer (camping, bêd en brochje) stie eartiids ’t Hooghuis, stichte as jachtslot troch de Fryske stedehâlder Hendrik Casimir I. Letter bewenne troch û.o. de festingbouwer ‘Menno van Coehoorn’ en de van Glinstra’s. It gebou is ôfbrutsen in 1771. De grêften binne foar in part noch oanwêzich. Ek komme hjir noch stinzeplanten foar.

* Dan linksôf de Ritskeloane yn.
Eartiids wie de Ritskeloane de ferbiningswei  tusken de earme Burgerheide, dêr’t de arbeiders wennen, en de kwekerijen (û.o. Bosgra) dêr’t hja wurken. Op’e hoeke fan de Menno van Coehoornwei en de Ritskeloane lei noch in eardere feedrinkpoel.

Ritskeboskpaad-route

* Dêrnei de Ritskebosk yn.
De Ritskebosk bestiet al lang; eartiids wie in part bekend as ‘Hooggeesterbosch’. Eardere generaasjes brûkten de Ritskebosk as produksjebosk foar geriifhout. Alle hout (stammen, tûken ensfh.) hie wol in bestimming. Der wurdt ek ferteld dat Menno van Coehoorn (1641-1704, militêr en festingboukundige) op dit plak syn earste oefenskânsen boude.
No is it in wetterwingebiet. Vitens hellet hjir grûnwetter út ‘e boaiem dat ta drinkwetter bewurke wurdt. De kuierder fernimt dat bygelyks oan de ferskate pompputten yn it gebiet. Neist wetterwinning is der ek romte foar natuer, lânskip en foar kuierders.


* Rinne lâns de boskrâne mei in moai útsicht op de Noardermar. Fierderop in iepen plak dêr’t de nuddelbosk kappe is.
De nuddelbeammen binne kappe mei it doel de karakteristike, fanâlds mei bremerheide begroeide heide werom te bringen.

* Oer in nij paad om in stik skrokke weidgrûn mei markes hinne.
Dit is in gebiet mei seldsume planten as orchideeën.

* De bosk wer út en werom oer in oar stikje Ritskeloane.
Yn ‘e ôfsluten bosk (rêstgebiet foar reeën) rjochts fan de Ritskeloane leit in mesolityske site út ‘e stientiid ( om 7000 foar Kr. hinne)

* Rjochtsôf troch noch in stikje bosk mei in fiver.
Dizze fiver hat in tal sydearms en in eilantsje. Dit wie earder in einekoai, in fiver dêr’t einen mar ek oare fûgels fongen waarden. Der is net in soad fan dy einekoai bekend. Yn 1775 waard er al net mear brûkt. Nei alle gedachten is de Ritskeloane om de koai hinne oanlein. Dat is ek te sjen oan ‘e bocht yn ‘e dyk.
Nijsgjirrige planten as de holwoartel en de primula dogge it hjir goed.


* It lêste eintsje giet oer in ruter- en kuierpaad (SBB) by nij bosk del, mei útsicht oer de fjilden.
Opfallend is de lege lizzing fan it lân. Dat is ûntstien troch sânwinning.
Lâns in fêste hindernis dy’t brûkt wurdt by de hynstemaratons dy’t hjir geregeld ferriden wurde.

Keppelpaad (1 km)

Healwei de tocht is der in ferbiningsrûte (Keppelpaad) nei it Belvedêrepaad, in rûte fan 4 km dy’t op dizze wize in ferbining foarmet mei it Ritskeboskpaad.


ritskebos.jpg
Foto: Rienk Ytsma

Mear foto's fan it Ritskeboskpaad

Mear ynformaasje oer de Wurkgroep kuierpaden Burgum e.o.

Printfreonlike ferzje yn PDF