Wurkgroep kuierpaden Burgum e.o.

Yn ‘e simmer fan 2006 stie yn 'e 'Actief'(regionale krante) in stikje oer de Ritskebosk. Wetterliedingbedriuw Vitens wie fan doel en stel it terrein yn 'e takomst iepen as kuiergebiet. Der soenen nije kuierpaden oanlein wurde en der wienen plannen om de ynrjochting fan it gebiet oan te passen. In pear moannen letter stie yn 'e krante in artikel oer in 'ommetjes'-priisfraach, útskreaun troch Lânskipsbehear Fryslân.

De Wurkgroep Kuierpaden Burgum e.o. en Vitens ha oan ‘e hân fan beide publikaasjes de hannen ynienslein en twa 'ommetjes' ûntwikkele en ynstjoerd foar de earderneamde 'ommetjes'priisfraach. Beide krigen in earfolle fermelding.
Mei help fan Vitens en de gemeente Tytsjerksteradiel binne de kuierpaden realisearre en op 7 juny 2008 offisjeel iepene.

Ek yn Eastermar wie in 'ommetjes'inisjatyf: it Stedmapaad, mei ek in earfolle fermelding.
By de ûntwerpen fan bebuording en beweiwizering koenen wy ús fine yn de ideeën fan de Stichting Rom Paad, sadat alle trije 'ommetjes' no yn in gelikense styl oanjûn binne.
De goede gearwurking blykt ek út it feit dat ús rûtes in spesjaal plakje krigen ha op de webside fan de Stichting Rom Paad.

Wurkgroep kuierpaden Burgum e.o.
Peter Lok (inisjatyfnimmer)
Bea Lok
Rienk Ytsma

Ritskeboskpaad »

Belvedêrepaad »