Rom Paad foar Rom Paad

moandei 26 maaie 2008

Yn ‘e hjerst fan 2007 is de Stichting Rom Paad oprjochte.

Yn ‘e ôfrûne moannen hat it Stichtingsbestjoer dwaande west mei it ôftaasten fan mooglikheden om har doelstellings wiermeitsje te kinnen, mei it praten mei minsken en yn ‘e kunde kommen mei persoanen en ynstânsjes. En fergaderje fansels mei de Ried fan Advys.

Op 30 maaie wol de stichting har nei bûten ta presintearje yn hotel Meerzigt.
By dy gelegenheid wurdt in part fan in Eastermarder doarps‘ommetje’ yn gebrûk steld: it Stedmapaad.  Dat it hiele ‘ommetje’ noch net klear is, komt troch de wiete maitiid doe’t der gjin kraan of trekker op it terrein komme koe. Hawar, lit de rûte noch net hielendal klear wêze, wat der wol klear is, is prachtich!
It Stedmapaad is betocht troch Atse en Sjoerdsje Atsma en krige in earfolle fermelding fan de sjuery fan Lânskipsbehear Fryslân, dy’t in priisfraach útskreaun hie.

Omrop Fryslân makket opnames
Omrop Fryslân makket opnames oan it begjin fan it Stedmapaad

De iepening fan it paad sil wêze oan ‘e Achterwei, achter de sportfjilden fan de Burgerkamp.
Deputearre Anita Andriesen sil dy bysûndere hanneling ferrjochtsje.
Hja docht dat troch in âlderwetske ‘wringe’ te iepenjen. In wringe is in soarte fan hikke sa’t dy eartiids foaral yn ‘e Wâlden yn gebrûk wie.

wringe
It meitsjen fan  in nije 'âlderwetske' wringe yn de wurkpleats fan Boubedriuw Swart


It hele oheden oan ‘e Achterwei wurdt muzikaal begelaat troch fjouwer leden fan ús ‘tige aktive en entûsjaste Eastermarder ‘trekzak’klup.

By deselde feestlike gelegenheid giet ek de website fan Rom Paad online: www.rompaad.nl