Foar hûnen ferbean

Op Rom Paad-paden of rûtes dy’t troch greiden liede, steane op plakken hiel ûnfreonlike buordsjes dy’t twingend oanjouwe dat hûnen net wolkom binne. Mar sa’n hûneferbodsboerd stiet der net om ‘e nocht!

Mei dy buordsjes wurdt besocht om de feesykte Neospora caninum (caninum = hûn) safolle mooglik út te sluten.
Neospora caninum is in parasyt dy’t yn hûnen en kij tahâldt. Hûnen binne eingasthear en as hûnen yn ‘e greide skite, kinne weidzjende kij besmet reitsje mei dizze parasiten. Troch dy besmetting kinne fruchtberheidsproblemen ûntstien en kinne kij har kealtsjes fersmite. In ko dy’t ien kear besmet is, bliuwt besmet, krekt as 80% fan de kealtsjes. Der is (noch) gjin medisyn of faksin foar Neospora.

De skea op in feehâlderij troch Neospora kin dus aardich yn ‘e papieren rinne.
Jo hûn kin dêr mandélich oan wêze! Dêrom binne wy hoeden as it giet om tagong foar hûnen yn in greide. Mar it is fansels wol sa goed om der ek yn syn algemienheid om te tinken wêr’t jo de hûn syn behoefte dwaan litte! Want de  oandacht foar it hûnestrontprobleem jildt fansels likegoed foar oare plakken.
Enkêtes ha útwiisd dat hûneloarten in grutte boarne fan argewaasje binne...