Betsjuttings kaart 19

12. It Mêdsje
Mei in ‘mêd’ wurdt de poarsje gers bedoeld, dy’t ien man op ien dei mei de seine meane kin, sa’n 50 are. Mei de namme ‘It Mêdsje’ wurdt in lyts perseel greide oanjûn.

Kaart 19

17. en 18. It Libbedykje
Mooglik binne dizze perselen lân neamd nei Libbe Petrus Bouma, dy’t op de (net mear oanwêzige) pleats wenne, dy’t wat nei it súdwesten ta stien hat. Hy ferstoar yn 1816. It kin wêze dat der in dykje (beamwâl) by dizze perselen west hat.

19. en 20. It Ypeuslân
Dizze stikken lân binne neamd nei Ypeus Gjalts Reitsma (1778-1856), yn 1803 troud mei Jitske Pieters (1778-1866). Dit pear buorke op de ‘Grutte Hoarnst’, Swartewei 2 te Eastermar. Sjoch ek de nrs. 24 o/m 26.

29. De Koppen

De komôf fan dizze namme is net dúdlik.

63. It Tamme Gosseslân

Dit perseel ûntlient syn namme oan Tamme Gosses van Dam (1804-1877), boer op Wytfeansterwei 8. Hy troude yn 1837 mei Hinke Bouwes Faber (1802-1843) en troude yn 1854 opnij, doe mei Baukje Johannes Hansma (1830-1872).

64. It Masterslân

It is ûnbekend op hokker ‘master’, nei alle gedachten in skoalmaster, dizze namme tebek giet.

70. De Mindertskamp

De namme fan dit stik lân giet werom op de ien of oare Mindert Geeuwkes. Wa’t hy krekt wie is net bekend.

71. It Earste Stik by de Mûntsegroppe
Dit ‘Earste Stik’ is it earste, eastlik lizzende stik lân, sjoen fanút de pleats mei it adres Wytfeansterwei 2.

72. It Twadde Stik by de Mûntsegroppe

Dit ‘Twadde Stik’ is it twadde, eastlik lizzende stik lân, sjoen fanút de pleats mei it adres Wytfeansterwei 2.

73. It Tredde Stik by de Mûntsegroppe

Dit ‘Tredde Stik’ is it tredde, eastlik lizzende stik lân, sjoen fanút de pleats mei it adres Wytfeansterwei 2.

74. It Boppeste Stik by de Mûntsegroppe
Dit ‘Boppeste Stik’ is het fjirde en meast eastlik lizzende stik lân, sjoen fanút de pleats mei it adres Wytfeansterwei 2.

77. De Reamûtsekamp

Nei’t men altyd sein hat, wurdt dit perseel sa neamd om’t der ea in reade mûtse fûn is. Fierdere bysûnderheden ûntbrekke.

82. De Bile

Nei alle gedachten is de namme fan dit stik grûn ûntliend oan de foarm derfan (tegearre mei nr. 84): it docht tinken oan in bile mei in stâle.

83. De Ruterij
It net bekend wêrom’t dit stik lân dizze namme hat. Hat it te meitsjen mei it feit dat der miskien ruters yn it ferline in kamp hân ha? Foar it oare, it wurd ‘ruters’ waard eartiids ek brûkt foar ‘fuotfolk’.

85. De Lieuwekamp
It is net bekend oan hokker Lieuwe hjir tocht wurde moat.

90. It Rommertslân
It is ûnbekend hokker Rommert de nammejouwer fan dit perseel west hat.

91. It Jankemuoilân

It is net bekend hokker ‘tante Janke’ hjir krekt bedoeld wurdt.

94 t/m 96. It Ottelân
Mooglik is de nammejouwer fan dizze stikken lân Otte Sijtzes van Bruggen (1764-1833), dy’t yn 1821 troude mei Blijke Lieuwes de Haan (1800-1879). Hy wurdt ûnder mear yn it Grêfregister fan Eastermar neamd as eigner fan inkelde grêven op it tsjerkhôf.

110. De Twa Mêd
Mei in ‘mêd’ wurdt de poarsje gers bedoeld, dy’t ien man op ien dei mei de seine meane kin, sa’n 50 are. It giet hjir dus om in perseel greide fan twa mêd.

113. De Mounekamp

Kleardernôch is dit perseel sa neamd om’t der ea in (lytse) mûne stien hat, bygelyks in tsjasker.

Nei boppe