Betsjuttings kaart 4

1. De Keallekamp
Dit is in namme dy’t op mear plakken foarkomt. Meastentiids is it in stik lân deun by de pleats, dêr’t de keallen weidzje. It is in foarbyld fan in namme wêrfan’t it gebrûk fan it lân de nammejouwing bepaalt. Yn de Floreenkohieren fan 1838 en dêrnei komt dizze namme foar as ‘De Kalverkamp’.

Kaart 4

2. De Noarderboskkamp
Dizze namme betsjut: it noardlik fan de Parsingel lizzende stik, eartiids in stik bosk. De perselen 2 oant en mei 7 hearden yn de 17e en 18e ieu ta it kompleks bûtenhûs mei lân en bosk, eigen oan efterinoar de famyljes van Haersma, van Poutsma en van Sminia. De famylje van Haersma, dy’t al sûnt de 15e ieu yn Eastermar tahâlde, bewenne net allinnich de oarspronklike famyljestate Haersma-State (op it plak dêr’t no de pleats de ‘Grutte Hoarnst’ stiet), mar ek ‘It Blauhûs’. In ‘Blauhûs’ wie doe de gewoane namme foar in hûs met blauwe pannen dutsen, in teken fan wolstân. Krekt njonken it Blauhûs lei de ‘Slotpleats’, in pleats dy’t ek by it bûten hearde. Johannes van Poutsma (1686-1723), dy’t yn 1719 troude mei syn nicht Aurelia van Haersma (1682-1761) liet it Blauhûs ferbouwe ta in fraai, nij bûtenhûs, dat hy ek ‘Haersma-State’ neamde. Johannes lei ek in park mei bosk oan. Syn widdo bleau der nei syn dea yn 1723 mei har bern noch tolve jier wenjen. Mar yn 1735 ferkocht hja it bûten oan Jetze van Sminia, siktaris fan de Steaten fan Fryslân, troud mei Wiskje van Haersma, in fiere efternicht fan Aurelia. Jetze feroare de namme ‘Haersma-State’ yn ‘Driezigt’, in namme ûntliend oan de trije singels dy’t op de State útkamen. Jetze ferstoar yn 1771, Wiskje yn 1785. Harren soan Hobbe Baerdt van Sminia erfde doe it bûten, mar hy liet in nij hearehûs bouwe yn Burgum.
‘Driezigt’ waard yn 1789 foar ôfbraak ferkocht. Ek de beammen yn de bosk, iken en boeken, waarden kapt en ferkocht. Op it terrein fan it bûten kaam in ienfâldich pleatske te stean, it hjoeddeistige adres Grutte Hoarnstwei 35.  De ‘Slotpleats’ waard yn 1855 ôfbrutsen.
De nammen fan de perselen 2 oant en mei 7 binne in oantinken oan it park dat Johannes van Poutsma yn 1715 oanlizze liet. De singel, dy’t de skieding foarme tusken de Noarderboskkamp en de Suderboskkamp waard yn letter tiid de Parsingel neamd, omdat dy leane doe mei parrebeammen beplante wie. Sjoch ek by de perselen 19, 20 en 21.

3. De Suderboskkamp
Dizze namme wol sizze: it súdlik fan de Parsingel lizzende stik lân, eartiids in stik bosk. Sjoch fierder by nr. 2, de Noarderboskkamp.

4. De Fiverbosk
It súdlike fjirde part fan dit stik lân waard yn 1838 omskreaun as 'Een hornleger Vijverbosch genaamt, bosch zijnde'. It ferwiist nei de fivers dy’t yn 1715 efter it bûten ‘Haersma-State’ groeven waarden. Sjoch fierder by nr. 2, de Noarderboskkamp.

5, 6 en 7. De Singelbosk
Dizze namme is in oantinken oan de bosk mei singels deromhinne, dat Johannes van Poutsma yn 1715 by syn bûten ‘Haersma-State’ oanlizze liet. De namme Singelbosk komt sûnt 1828 yn skreaune foarm foar. De perselen 6 en 7 waarden letter by de westlik lizzende lannen lutsen.

8. De Eintsjes
Dizze namme komt yn 1835 foar as ‘De Endjes’. Eartiids rûn fan de eastkant fan dit perseel in paad yn súdlike rjochting oer de Easterterp, yn 1821 noch oan de Blauhûskamp ta. Mar ek begjin 20e ieu koe men fan ‘de Eintsjes’ ôf oer De Terpen (sjoch perseel 12) en fia de Harstepaden de buorren fan Eastermar berikke.

11. De Easterterp
De namme Easterterp betsjut: de eastlik lizzende terp, dat wil sizze eastlik fan De Terp, perseel 12. Om 1970 hinnen waard perseel 6, in diel fan De Singelbosk, by de Easterterp lutsen. Sjoch fierder by perseel 12, De Terp.

12. De Terp
Yn earder tiden waard De Terp ek wol neamd ‘It Ald Terp’, sa as bygelyks yn 1720, yn it ‘Register van het onderhoud van de wegen', wêr’t stiet: 'Een akker op het Oud Terp'. Dêrnjonken komme beneamings foar as De Terpen en It Terplân. Terp, in hiel âld wurd, betsjut yn earste ynstânsje ‘doarp’, sa as yn de plaknammen Oerterp en Olterterp. Yn de Fryske klaaistreken is de betsjutting oergien op de hichte dêr’t it doarp op lei. En dêrnei waard ‘terp’ ek brûkt  foar de ikkers boulân dy’t op de terp leinen.

13. It Lieuwelân
Fanâlds wie de namme foar dit perseel De Westerterp, dat wol sizze: westlik fan De Terp (sjoch perseel 12). It waard ek ‘Oud Hiemsteed’ neamd, mar dêrnei kaam de namme ‘It Lieuwelân’ yn gebrûk. Dizze namme ferwiist nei Lieuwe Douwes Hoekstra, dy’t neffens de Floreenkohieren fan 1798-1828 eigner wie fan de buorkerij dêr’t dit stik lân byhearde. Yn 1838 waarden de ‘Zathe en landen’ yn stikken ferkocht. ‘It Lieuwelân’ waard eigendom fan W.P. Tjepkema en yn de Floreenkohieren fan 1838, 1848 en 1858 registrearre as ‘Het Oude Hiemsteed’. De pleats stie oan de noardkant fan it perseel, yn ‘e midden, oan de Efterwei en sil om 1838 hinne ôfbrutsen wêze.

14 en 15. It Doarpslân
De betsjutting fan dizze namme is net bekend. Mooglik noch in echo út it grize ferline doe’t de grûn mienskiplik besit fan de doarpsbewenners wie? Nr. 14 stiet bekend as ‘It Doarpslân’, mar it foarme foar 1800 ien gehiel mei nr. 15, sadat dizze namme mooglik foar beide perselen jilde. Op de kadastrale kaart fan 1832 is op perseel 15 noch gjin bebouwing oanwêzich. De namme ‘Wester-eynd’ (sjoch B.R. Veltman, Oostermeer geschiedkundig beschreven, side 13) foar in buorkip dy’t ea op dit plak west hat, heart net by dizze nei 1832 ûntsteane bebouwing. Dy namme is folle âlder.

16. De Westerkamp
Dizze namme betsjut: ‘de westlik lizzende kamp’, dat wol sizze  westlik fan de neistleger, de Burgerkamp. Op beide perselen waard om 1970 hinne it sportkompleks De Burgerkamp oanlein.

17. De Burgerkamp
De namme ‘Burgerkamp’ is in ferbastering fan de oarspronklike namme ‘De Burgumerkamp’. Dizze namme komt as ‘Bergumerkamp’ foar yn 1847. Wat krekt de relaasje mei Burgum is, is ûnbekend.

18. De Rûchkamp
Yn 1848 en 1858 (Floreenkohieren) komt dizze namme foar as ‘De Ruigekamp’. It wiist op in bepaalde begroeiing, fakentiids op wat heger lizzend lân.

19. De Boskkamp
Dizze naam tsjut oan dat dit perseel earder mei bosk begroeid west hat. Tinklik wie dit it gefal al sûnt de 16e en 17e ieu, doe’t de famylje van Haersma it neistlizzende ‘Blauhûs’ bewenne. Beboskjen jildt foar mear perselen. Sjoch by de nûmers 2 o/m 7, 20 en 21.

20. De Blauhûsbosk
Yn 1735 stie hjir in pleatske, dat ‘It Lyts Blauhûs’ neamd waard. Tinklik waard nei ôfbraak dit perseel beboske, mooglik troch de famylje van Sminia, dy’t sûnt 1735 it fuortby lizzende ‘Driezigt’ bewenne. Perseel 20 foarmet no ien gehiel mei de perselen 3 en 5. Sjoch by de nûmers 2 oant en mei 7, 19 en 21.

21. De Blauhûskamp
Dit perseel hearde ek by it pleatske ‘It Lyts Blauhûs’ (sjoch nr. 20) en ûntlient syn namme oan dizze eigendomsferhâlding. Sjoch ek by de nûmers 2 o/m 7, 18 en 20. B.R. Veltman skriuwt yn ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 106: “Nog lang heeft op de Blauwhuiskamp een schuur gestaan, die eenmaal als volière (vogelkooi) dienst deed; voor 1850 was zij al verdwenen.’

22. De Skoallekamp
De krekte betsjutting fan ‘De Schoolkamp’ is net bekend. Mooglik waard it perseel sa neamd omdat it leit foar it plak oer (hjoeddeistich adres Grutte Hoarntswei 10) dêr’t foar 1700 de doarpsskoalle fêstige wie. Sjoch hjirfoar B.R. Veltman, ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’, side 79.

Nei boppe