Betsjuttings kaart 6

1. It Gripelân
De ferklearring fan de namme ‘Gripelân’ is net dúdlik. Yn in tal notariële akten komt de namme ek foar as ‘Garijperland’, wat op in relaasje mei it doarp Garyp wize soe. Frl. de namme de ‘Burgerkamp’ (Bergumerkamp).
De Floreenkohieren jouwe dit stik lân deselde namme as nr. 3, mei de neifolgjende staveringsfarianten: Hoismgers (1748 en 1758); Hoitsmagers (1768 en 1788); Hotsmagersland (1778); Harstmagers (1798, 1818 en 1828); Harstmeijers (1838, 1848 en 1858).

kaart-06

3. Hoitsmagers
De Floreenkohieren fan 1848 en 1858 notearje de namme fan dit stik lân as de ‘Harstemaijers’. De letter ij sil hjir grif as in g lêzen wurde moatte. De namme is net ôflaat fan ‘Hoatskemuoi’, sa as wol tocht waard. Earder giet de namme tebek op eartiidske eigners, sa as mooglik de famylje Hoitsema fan Noardermar by Burgum. It falt op dat hjir ‘gers’ brûkt wurdt foar greide, ynstee fan it wenstige ‘finne’.

4. It Túntsje
Dizze namme datearret tinklik út de tiid dat dit stik lân yn lytse perseeltsje ferdield wie, dy’t oan de yndividuele ynwenners fan Eastermar as grientetún ferhierd waarden. Sjoch ek nr. 5.

5. De Stripe
Stripe is de namme foar in lang en smel stik grûn. Yn de Floreenkohieren fan 1788, 1798, 1818 en 1828 wurdt de Stripe tegearre mei it Túntsje (sjoch nr. 4) it ‘Middelste Stuk’ neamd.

7. De Boerewier
It wurd ‘wier’ wurdt hjir brûkt foar in heger lizzend stik grûn (frl. ‘de Wieren’, earne oars yn Eastermar), mar kin op oare plakken yn Fryslân krekt leger lizzende grûn oanjaan. Mooglik ferwiist ‘Boerewier’ nei de buorkerij de ‘Grutte Hoarnst’, dy’t njonken de Boerewier leit.

8. De Sân Ikkers

Yn 1758 stiet dit perseel lân al bekend as ‘De Seeven Ackers'. It wurd ‘akker’ wiist hast altyd op (oarspronklik) gebrûk as boulân. It sil wol sa west ha dat dit stik lân ris ferdield west hat yn sân lytsere perseeltsjes.

9. It Poartlân
Dizze namme sil wiswier ôflaat wêze fan it poartegebouke fan de eardere Haersma-State dat stien hat op it plak dêr’t no de pleats de ‘Grutte Hoarnst’ stiet. Binne Veltman skriuwt dêroer yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’: Nog lang stond er achter het huis een oud poortje met een 'gibbevlucht’.

10. It Brouwerslân
It is net bekend om hokker brouwer (berop bierbrouwer) of hokker famylje (famyljenamme Brouwer) it hjir giet.

11. It Teakelân
It is ûnbekend oan hokker ‘Teake’ de namme fan dit perseel lân ûntliend is.

12. De Gerbenskamp

De Gerben dy’t hjir bedoeld wurdt sil Gerben Ybes wêze. Yn 1778 stiet er yn de Floreenkohieren opskreaun as eigner.

14. De Stikelkamp
De namme ‘Stikelkamp’, dy’t ek op oare plakken yn Eastermar foarkomt, wiist op in bepaalde begroeiing, faaks op wat heger lizzende grûn.

16. De Keallekamp
De namme fan dit stik lân, dy’t yn de registers foarkomt as ‘de Kalverkamp’, giet tebek op it gebrûk dat derfan makke waard, nammentlik it weidzjen fan de keallen. De namme komt mear foar yn Eastermar.

17. It Eskekampke

Feitlik sil dizze namme wêze moatte: ‘It Eske’s Kampke’. Dit perseel hearde by de buorkerij en lannen, eigen oan de famylje Eskes. De buorkerij stie op perseel 13, de lannen 15 o/m 20 hearden derby.

18. It Doarkestik

Dit stik lân ûntlient syn namme oan in klapstekje, in ‘doarke’, dat tagong joech ta in fuotpaad dat njonken dit perseel lâns rûn.

19. It Breedstik

In âlde namme, dy’t al yn 1718 yn de Floreenkohieren foarkomt. De namme komt mear foar yn Eastermar. Ynearsten liket it perseel lang en smel, mar it rint del fan noard nei súd en dêrtroch waarden ek de (koarte) ikkers fan noard nei súd oanlein. Sa besjoen is it perseel breder as dat it lang is.

20, 21 en 22. De Seroanen
Dizze namme komt foar as ‘Sironen’ en as ‘Suronens’ (yn 1818). In mooglike ferklearring kin wêze dat it in ferbastering is fan ‘Sydrâne’ of fan ‘Súdrâne’. De ikkers soenen dan oan de sydkant lizze (fan de Lits, as dy syn wetter by hjerst en winter net hâlde koe) of oan de súdrâne fan de foar lânbou gaadlike grûn.

30. De Bile

Yn it Floreenkohier fan 1700 wurdt dizze namme skreaun as ‘De Bylle' en yn dat fan 1838 as 'de Byle'. As ferklearring wurdt tocht oan de likenis mei in bile (tegearre mei nr. 31).

Nei boppe