Betsjuttings kaart 7

1 en 2. De Haechkamp
De namme ‘Haagkamp’ is fan 1738ôf yn de Floreenkohieren te finen. Sûnder mis is dizze namme ôflaat fan de hagen (Hollânsk: meidoornhagen) dy’t om it perseel hinne stienen. Der hat in tiid west dat dit stik bou ferdield wie yn lytsere stikken, elts mei inaparte eigner of brûker. Dêrnei kaam der in twadieling, mei as gefolch dat de nammen Noarder- en Suderhaachkamp yn gebrûk kamen. Op de Noarderhaachkamp liet Durk Gjalts Reitsma, doetiids boer op Boerestreek 6 (Ald-Stedma), yn 1912 de pleats Nij-Stedma sette.

Kaart-07

4. De Skoallekamp
Yn de noardwesthoeke fan dit perseel (mei de pleats Grutte Hoarnstwei 12) stie oarspronklik de doarpskoalle. Sjoch hjirfoar B.R. Veltman, Oostermeer geschiedkundig beschreven, side 79. De ôflieding fan de namme ‘de Skoallekamp’ (yn de Foreenkohieren opnaam as ‘De Kamp bij de Schole’) is dêrom wol dúdlik. Ek it tsjinoerlizzende perseel, oan de oare kant fan de Grutte Hoarnstwei, no mei bebouwing, stiet bekend as ‘de Skoallekamp’.

6. De Hegekamp

Dit stik lân waard al yn 1790, doe’t it by ferkeap yn twa stikken ferdield mar koart dêrnei ek wer ta ien gehiel makke waard, oantsjut as ‘de Hogekamp’. Wa’t fan de Lytse Hoarnstwei ôf neiit easten sjocht sil daliks sjen dat dit perseel heger leit as de oare stikken lân deromhinne.

8. De Nije Reed

Dit perseel ûntlient syn namme oan de wei dy’t yn de 19e ieu súdlik derfan oanlein waard en as ‘de Nije Reed’ mei de fanôf de Heidbuorren fanâlds besteande Swartewei de ferbining foarme tusken de buorren fan Eastermar en it Wytfean. It gehiel fan de ‘Cingel’ (it stik fan de buorren oan de pleats de ‘Grutte Hoarnst’ ta), de Nije Reed en dy fanâlds besteande Swartewei waarden letter ‘Swartewei’ neamd.

9. De Atzekamp
It is ûnbekend wa’t dizze Atze, de nammejouwer fan de ‘Atzekamp’, krekt west hat.

10. De Hindrik Teakeskamp

It is net bekend wa’t Hindrik Teakes wie, de man oan wa’t de namme fan dit perseel ûntliend is.

11. It Binnelân
Wa’t krekt dizze Binne, de nammejouwer fan it ‘Binnelân’ west hat, isûnbekend.

12. De Djirringen
Dizze namme (dy’t fan 1788 ôf foarkomt), wurdt ek brûkt foar de nrs 26 en 27, wylst dit lêste perseel (yn 1790) de ‘Lytse Djirringen’ neamd wurdt. Blykber is nr. 27 in ôfsplissing fan nr. 26. Yn de besteande argyfstikken wurdt de namme hyltiten as ‘Dieringen’ skreaun. Mar de betsjutting fan dizze namme is net bekend.

14. De Jan Ommekamp
De Jan Ommekamp (of: Janomme-kamp) is blykber in stik lân dêr’t ris in kear in ‘omke Jan’ eigner fan wie. Mar wa’t ‘omke Jan’  krekt wie is net bekend.

15, 16 en 17. De Tranen

Dizze perselen wurde no mei-inoar as ‘de Tranen’ oantsjut, mar komme yn notariële aktes foar as resp. de Súdlike-, de Eastlike- en de Westlike Tranen. Op perseel 17, de Westlike Tranen, waard yn 1886 foar Arnoldus Werumeus Buning en Maaike Wijbes van den Berg in pleats boud, dy’t letter de namme ‘Refugium’ krige. De namme ‘de Tranen’ hat neat te krijen mei de triennen dy’t út minske-eagen streame kinne, mar is besibbe oan it Dútske wurd ‘trennen’, dat ‘skiede, ôfskiede’ betsjut. It giet hjir dus om in lape grûn dy’t fan de besteande heide ôfskieden en yn kultuer brocht waard.

21, 22. en 23. De Nies
De nrs. 21. en 23. komme yn de argyfstikken foar as ‘de Kleine Nies’ en nr. 22 as ‘de Grote Nies’. Mei-inoar wurde hja (al sûnt 1728) oantsjut as ‘de Nies’. De Fryske útspraak fan de klank ‘ie’ yn ‘Nies’ is deselde as yn ‘wiet’ (Hollânsk: nat). Mar ynstee fan ‘de Nies’ wurdt ek sein: ‘de Njist’. Mooglik is de oarspronklike namme fan it hiele kompleks lannen de ‘Nije Ies’. It wurd ‘Ies’ (Hollânsk: Es) jout oan dat it om lân giet dat mienskiplik eigendom wie. Ferlykje de noardlik fan de Seadwei lizzende lannen de Snjisten en de Snjistwei, de Ies en de Iestwei yn Jistrum en by Burgum de Soest. Dit lêste wurd ûntwikkele him út Su-ees fia Sû-ies nei Soest.

24. It Maikelân
It is net bekend wa’t Maike of Maaike, de frou dy’t de nammejouwer fan dit stik lân is, west hat.

25. It Wytskelân
De namme fan dit perseel is ferbûn mei in Wytske, mar it is net bekend wa’t hja krekt west hat.

28. De Koaikamp
De namme ‘Koaikamp’ is in oantinken oan in koai (einen? skiep?) dy’t hjir yn in fier ferline west ha moat. De namme komt yn 1790 foar it earst foar. Yn de Floreenkohieren wurdt dit perseel omskreaun as ‘de helft van de Kooikamp’. De oare helte sil dan nr. 29 west ha.

Nei boppe