Betsjuttings kaart 14a

1. It Bûtlân
Krekt as nr. 1 wurde ek de perselen 5, 11, 15 en 27 oantsjut as ‘It Bûtlân’.
Eartiids wie ‘It Bûtlân’ in smelle stripe lân tusken de Burgumer Mar en de heger lizzende grûn. Dizze streek lân rûn oarspronklik fan it Casper de Robles Djip (Knillisdjip, Prinses Margrietkanaal) by de Burgumer Mar lâns oan de Lits ta. Op it kaartsje is it noardlik diel te sjen. ‘It Bûtlân’ (ek it súdlik fan it Piter Jehannes Gat lizzende lân stiet noch as ‘It Bûtlân’ bekend) foarme in ‘miensker’, lân dat mei-inoar troch rjochthawwenden brûkt waard as greide. Pas letter yn de 19e ieu en begjin 20e ieu waarden dykjes oanlein en polderkes makke. Dêrtroch waard ‘It Bûtlân’ dus feitlik útwreide.

Kaart-14a

Veltman skriuwt yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 5: ‘Het Buitenland ('t Bûtlân), een strook weideland langs den oostkant van het Bergumermeer, afwisselend van breedte en loopende vanaf het Casper-Roblesdiep tot aan de Lits. Vermoedelijk is dit gebied reeds in de 17e of 18e eeuw verdeeld, maar door gestadige aanwas ontstond opnieuw een gemeenschar, die tot 1911 heeft bestaan; in dat jaar is n.l. het 'Bûtlân' verkocht in verschillende perceelen en zoo geheel privaat eigendom geworden.
In een reglement, daterende van 1867 vinden we vermeld, dat het Buitenland ruim 30 scharren telde, waartoe een veertiental eigenaars gerechtigd waren. Voor de weide van een paard was benoodigd 1 1/2 schar, voor een paard met veulen ook 1 1/2 schar, voor een koe één schar, voor 2 twee-jarige koeien één schar en voor 3 een-jarige koeien ook één schar. Jaarlijks werd één (later 3) schar verhuurd ten bate van de kas van het Buitenland.
Het bestuur van deze weidegronden was opgedragen aan twee gecommitteerden, die door de eigenaars werden gekozen en waarvan elk jaar één aftrad. De veehouder P.J. van der Meer (bewoner van de Joereplaats) heeft een opslag-vaart in het Buitenland laten graven, die nu nog in de wandeling 'Pieter Johannes' opslag' heet; deze wijk is later in eigendom overgegaan aan het Buitenland.’


10. De Wolfsgerzen
Sjoch ek de nrs. 16 o/m 20, 25, 26, (27), 28, 29 en 30. Dizze namme wurdt by safolle perselen brûkt (al yn de Floreenkohieren fan 1708), dat men jin mei rjocht de fraach stelle mei oft de namme ‘Wolfsgerzen’ oarspronklik misskien foar it hiele kompleks lannen jilde. Miskien hat it dan yn it ferline ek in‘miensker’ west, in kompleks greide dat yn mienskip brûkt waard.
Ek de namme ‘Wolgerzen’ komt foar. De betsjutting fan dizze namme is net dúdlik, mar moat te krijen ha mei in bepaalde begroeiïng dy’t foarkomt yn leechlizzend lân. Is der in ferbân mei de plant ‘wolfsklauw’? Of mei de plant ‘wollegras’? Of is ‘Wolgerzen’ in ferbastering fan ‘Wolfsgerzen’ sadat ‘wollegras’ as ferklearring net yn de beneaming komt? Of is ‘wolf’ in yn ûnbrûk rekke namme foar ‘blauwgras’ of ‘blauwe rogge’, een gerssoart mei in blau-eftige plûm, dy’t yn healân fan in minne kwaliteit foarkomt?

13. De Hazenbergpolder
Dizze polder is neamd nei ien fan de eardere eigners, Cornelis Sijbrands Hazenberg (1856-1916).

23. It Eiselân.
It is net bekend hokker Eise de nammejouwer fan dit stik lân is. Foar it oare wurdt nr. 25, dat ek ien fan de perselen is dy’t as ‘Wolfsgerzen’ bekend steane, ek ‘It Eiselân’ neamd.
.

30. De Wolfsgerzen, ook: It Sibe Atsmalân
It is ûnbekend wa’t de man is waans namme mei dit stik lân ferbûn is. Njonken dizze namme draacht dit perseel ek de namme ‘Wolfsgerzen’, ien fan de ûnderskate perselen dy’t as sadanich bekend steane.

32. It Tsjoegelân
It gebrûk fan it wurd ‘Tsjoege’ ferwiist nei de ferdieling fan mienskiplik eigendom. De namme komt ek foar súdlik fan de Burgumer Mar (‘De Tsjoegen’). It wiist dus op de mooglikheid dat der in tiid west hat dat ‘It Tsjoegelân’, nei alle gedachten tegearre mei de tichtbylizzende ‘Wolfsgerzen’, yn it ferline diel útmakke hat fan in miensker.

33. De Foarste Finne
Dizze namme hat te krijgen mei de lizzing. Sjoen fan de Skûlenboargerweiôf is dit perseelit earste stik.

34. De Efterste Finne
Dizze namme hat te krijgen mei de lizzing. Sjoen fan de Skûlenboargerwei ôf is dit perseel it twadde en efterste stik.

37. De Klokslannen
Dit stik lân hearde fanâlds by it ûnreplik goed dat eigendom wie fan ‘de Klok’, dat wol sizze fan de tsjerke fan Eastermar.

38. t/m 40. De Heafinne
Dizze namme sprekt foar himsels: it giet om lannen dêr’t hea wûn waard.

42. en 43. De Spreefinne
It wurd ‘finne’ wiist op gebrûk as greide. Mar wat it earste diel fan dit wurd betsjut is net bekend.

44. en 45. De Tsjerkefâdefinne
Ut de Floreenkohieren fan 1700 en letter blykt dat dizze stikken greide eigendom wienen fan de tsjerkfâdij fan Eastermar.

46. en 47. De Wyngaarden
Dizze namme giet nei alle gedachten tebek op eardere eigners, de famylje Wijngaarden, yn de 19e ieu in bekende Eastermarder famylje.

48. en 49. De Sippensfinne
De komôf fan dizze namme is net bekend.

50. De Sânhûskes
Op dit perseel stienen yn de 19e en begjin 20e ieu sân hûskes, ien dêrfan wie in lyts pleatske. Dêrom waard dizze buorskip ‘De Sânhûskes’ neamd. Hjoed de dei steane hjir trije (nei de oarloch 1940-1945 boude) hûzen.

Nei boppe