Wa binne wy?

De Stichting Rom Paad (RSIN 818592242) is troch de belestingtsjinst oanwiisd as in Algemeen Nut Beogende Instelling  (ANBI). Dat is fan belang om’t de Stichting troch dy status makliker giften oanfurdigje kin, mar ek dat in eventuele donateur dy gift fan de belesting ôflûke kin! 

It Stichtingsbestjoer hat keazen foar koarte linen en in slachfeardige oanpak.
It bestjoer bestiet út trije leden.

Foarsitter is Gearte Leistra, Achterwei 6, Eastermar
Ponghâlder/rintmaster is Atse Atsma, Seadwei 2, Eastermar
Skriuwer is Swaan Postma-Vondeling, ’t Hôf 5, Eastermar.

It Rom Paadbestjoer kin gebrûk meitsje fan de ekspertize en de goerie fan in oantal minsken mei kennis fan saken. Bestjoersleden en adviseurs ferfolje harren taak ûnbesoldige.